Ohm (ienheid)

Ut testwiki
De ferzje fan 22 apr 2013 om 04.30 troch imported>SamoaBot (Bot: Migrating 65 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q47083)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ferskate wjerstannen. De wjerstân yn ohms, is oanjûn mei in kleurekoade

De ohm (symboal: Ω, de Grykske haadletter omega) is de ôflate SI-ienheid foar elektryske wjerstân. De ohm is neamd nei Georg Ohm, in Dútske natuerkundige.

Utdrukt yn SI-ienheden: 1 Ω = 1 kgm2A-2s-3. De ynverse is de siemens.

As in elektryske spanning fan 1 volt oanlein wurdt oer in geliedend foarwerp (in tried bygelyks) en der ûntstiet dêryn in stroom fan 1 ampêre, dan hat dat foarwerp in wjerstân fan 1 ohm.

Wjerstân = Spanning:Stroomsterkte, yn symboalen: R=UI

Opskriften

De yn de elektroanika brûkte wjerstannen hawwe meastentiids in kleurkoade dy't de wearde oanjout. By in opskrift (ek op skeakelskema's) wurdt meastal net Ω, kΩ of MΩ brûkt, mar R, K of M, wêrby't de letter op it plak fan de komma stiet. Ynstee fan 4,7 kΩ stiet der dus 4K7. Wjerstân yn de ienheid Ω, Stroomsterkte yn de ienheid

Sjoch ek