Newton (ienheid)

Ut testwiki
De ferzje fan 22 apr 2013 om 04.12 troch imported>SamoaBot (Bot: Migrating 93 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q12438)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De newton (symboal N) is de ôflate SI-ienheid fan krêft. De ienheid newton is definearre as de krêft dy't in massa fan 1 kilogram in fersnelling fan 1 m/s² jout:

1N=1kgms2

In massa fan 1 kg ûnderfynt op ierde[1] op de breedtegraad fan de Lege Lannen op seenivo in krêft fan ûngefear 9,81 newton, oan de poalen is dit 9,83 N en oan de evener 9,78 N. Yn it deiske libben wurdt dit ek faak ôfrûne op 10 newton.

De newton is neamd nei Sir Isaac Newton.

Sjoch ek

Berjocht:Boarnen

  1. Net op alle planeten wurdt in massa fan 1 kg like hurd oanlutsen, sjoch falfersnelling. De oanlûkingskrêft hinget ek ôf fan de hichte boppe it planeetoerflak.